Filmkes

Tuskentaal

Dit filmke lit sjen dat bern dy’t twa talen tagelyk leare dy ek wolris troch elkoar helje. At bern sa’n 6 jier binne witte sy de talen goed fan elkoar te skieden en komt dit net mear foar. 

 

 

IT BRUKEN FAN IT NEDERLANSK YN IT ROLLESPUL

Dit filmke lit sjen hoe't de aktive ûntwikkeling fan it Nederlânsk ferrint by Frysktalige pjutten. De earste faze is dat de pjutten it Nederlânsk brûke yn it rollespul. Se binne meastentiids dan sa'n 3,5 jier âld.

I

 

Frysk tsjin juf, Nederlands tegen mezelf

Dit (Frysktalige) famke praat Frysk tsjin juf, wylst se by it allinne boartsjen Nederlânsk brûkt. Soks giet automatysk, pjutten en jonge beukers kinne de taal dy't se brûke faak noch net stjoere. By in bekend gesicht sjit it "hendeltsje" op Frysk, yn oare sitewaasje springt it sein ûnbewust op Nederlânsk. Pas yn groep 3 hawwe twatalige beukers goede kontrôle oer har taalkar.

SKEAKELJE TUSKEN FRYSK EN NEDERLANSK BY BEUKERS

Ek dit filmke lit sjen dat jonge beukers noch gjin kontrôle hawwe oer de taal dy't se brûke. De famkes yn dizze fideo binne fan-hûs-út Frysktalich en behearskje it Nederlânsk ek al goed. Lykwols, yn it earste ragmint praat it iene famke Frysk andert it oare famke yn it Nederlânsk. Even letter binne de rollen omdraaid...