GOEIENACHT



 

Wy sykje memmetaalsprekkers Frysk yn ‘e ûnderbou fan basisskoallen

Yn plakken lykas Ljouwert, Snits, Drachten en ’t Hearrenfean wol in groeiend tal basisskoallen mear dwaan oan it Frysk yn de ûnderbou. Cedin en it SFBO helpe dy skoallen om dat foarm te jaan.

Om’t de learkrêften it Frysk soms noch net goed behearskje, of har ûnwis fiele yn dy taal, sykje Cedin en SFBO frijwilligers dy’t ien kear wyks of om ‘e fjirtjin dagen in deidiel op in skoalle de learkrêften helpe wolle om dêr it Frysk oan te bieden. Dêr is in frijwilligersfergoeding foar beskikber.

Cedin / SFBO soargje foar begelieding en materiaal.

Fine jo it aardich om mei bern te wurkjen en wolle jo in ympuls jaan oan it Frysk yn it ûnderwiis? Stjoer dan in mailtsje, graach mei fermelding fan jo wenplak en telefoannûmer, nei it SFBO: w.bouwma@sfbo.nl 

 

 

Digitale evaluaasjeformulier Dit bin ik, dit kin ik’

klik op de link  voor het digitale evaluatieformulier bij de activiteit ‘Dit bin ik, dit kin ik’

 

 

It bestjoer fan Stifting Frysktalige Berne-opfang siket nije

leden foar de fisitaasjekommisje

Rûnom yn Fryslân binne sûnt 2004 200 foarskoalske foarsjennings dwaande om it Frysk en it Nederlânsk in dúdlik en fêst plak te jaan yn it taaloanbod. Doel is om alle bern yn ‘e leeftyd fan 0 oant 4 jier wat ekstra’s foar har taalûntwikkeling mei te jaan.

De fisitaasjekommisje hifket de kwaliteit fan it taalbelied fan bernedeiferbliuwen en pjutteboartersplakken. Foldocht in lokaasje oan de kritearia dan krijt sy in sertifikaat.

Lês fierder

 

 



AKTUEEL
Utkomsten űndersyk oerdracht Frysk
23-10-2014
Yn 2014 hawwe 2 studinten fan de NHL in ferfolch-ûndersyk dien nei de oerdracht fan it Frysk yn Frysktalige en twatalige húshâldings. It blykt dat net alle bern dy't fan-hûs-út it Frysk meikrije...
Leare fan twadde taal fertraget âlderdomsproses
05-06-2014
It praten fan in twadde taal fertraget it âlderdomsproses, sa docht út nij wittenskiplik ûndersyk bliken. Alderen dy’t in twadde taal leard hawwe, score noch relatyf goed by yntelliginsjetesten en mjitting...
kursus ‘Meartalich opgroeien’ foar gastâlden
27-05-2014
Yn septimber 2014: “Gaan we straks bûten boartsjen?” Sa’n soart útspraak komt grif wol bekend foar. Yn dizze kursus learst hoe’t it komt dat jonge bern sokke sinnen meitsje. As gastâlder ...
 

AGINDA
Der binne gjin aginda items.



OERSETHELP