Allerhande ynfo    Undersiken    Wichtige knipsels    Wichtige links    ROC's  
 

 

  Meartaligens - Allerhande ynfo

It bestjoer fan Stifting Frysktalige Berne-opfang siket nije

leden foar de fisitaasjekommisje

Rûnom yn Fryslân binne sûnt 2004 200 foarskoalske foarsjennings dwaande om it Frysk en it Nederlânsk in dúdlik en fêst plak te jaan yn it taaloanbod. Doel is om alle bern yn ‘e leeftyd fan 0 oant 4 jier wat ekstra’s foar har taalûntwikkeling mei te jaan.

De fisitaasjekommisje hifket de kwaliteit fan it taalbelied fan bernedeiferbliuwen en pjutteboartersplakken. Foldocht in lokaasje oan de kritearia dan krijt sy in sertifikaat.

Fisitaasjes

By in fisitaasje wurdt sjoen nei ferskillende aspekten fan it taalbelied

-de útfiering yn ‘e praktyk

-de kennis fan de liedsters fan de meartalige ûntwikkeling

-de ynformaasje oan (nije) âlders oer it taalbelied en de meartalige ûntwikkelling 

Foar it hifkjen is in Kwalteitsramt Frysk yn ‘e Berne-opfang fêststeld. By in fisitaasje wurdt in besite oan de lokaasje brocht, wêrby’t in diel fan it programma meimakke wurdt. Yn in oanslutend neipetear kin de fisitator mei de liedsters en de liedingjaande fan gedachten wikselje en neiere ynformaasje freegje. Fan de besite, it neipetear, en it hifkjen fan de taalbeliedsstikken wurdt ferslach dien oan de hân fan in format.

De fisitaasjekommisje

De kommisje falt ûnder it bestjoer fan Stifting Frysktalige Berne-opfang. It bestjoer hat it foech om taalbelied te hifkjen delegearre oan de kommisje. Foech en wurkwize binne fêstlein yn in protokol.De fisitaasjekommisje hat op ’t stuit 15 leden. De leden komme twakear yn ’t jier by inoar. Sy hâldt har sadwaande op ‘e hichte fan de nijste ûntwikkelings yn ‘e berne-opfang en kin har belied en wurkwize fêst- en bystelle. De leden gean op syn minst 3 kear jiers te fisitearjen, allinnich, of yn twatallen.

Wy freegje 2 of 3 entûsjaste minsken

-dy’t affiniteit mei it Frysk ha

-erfaring mei of kennis fan it wurkjen mei jonge bern

-dy’t Frysk skriuwen (begjinnend) yn ‘e macht ha

-dy’t de taalpedagogyske setting fan foarskoalske foarsjennings hifkje kinne

Wy biede

-nijsgjirrich frijwilligerswurk yn in entûsjaste groep kollega’s

-in proef- en ynwurkperioade mei gelegenheid om mei erfaren fisitators mei te rinnen

-begelieding, yndividueel en yn ‘e groep, by it ynwurkjen

-in frijwilligersfergoeding: presinsjejild en reiskosten fergoeding

As jo belangstelling ha, kinne jo belje mei Marike Elsinga, 058-2348526 of maile: m.elsinga@sfbo.nl