Praktykopdrachten ûnder lieding fan de dosint
Nei de foarljochting yn de earste les geane de learlingen no oan ‘e slach mei praktykopdrachten. Dy opdrachten binne bedoeld om de learlingen te ynspirearjen om yn har eigen omjouwing en (staazje-)praktyk meartalichheid by jonge bern te ûndersykjen.
Der wurdt út alle 3 kategoryen ien opdracht dien.
Twadde les
Yn de twadde les wurde de útkomsten fan en de ûnderfinings mei de praktykopdrachten presintearre en besprutsen.
Der wurdt weromsjoen op it foarljochtingsoanbod. Ideeën en mieningen, hâlding en gedrach, plannen en yntinsjes fan learlingen yn ferbân mei meartalich opgroeien, wurde ynventarisearre. Konklúzjes oangeande it wurkjen yn de berne-opfang wurde lutsen.