kursus ‘Meartalich opgroeien’ foar gastâlden 27-05-2014

Yn septimber 2014: “Gaan we straks bûten boartsjen?” Sa’n soart útspraak komt grif wol bekend foar. Yn dizze kursus learst hoe’t it komt dat jonge bern sokke sinnen meitsje. As gastâlder hast yn Fryslân hiel faak te krijen mei in twa- of meartalige sitewaasje. De bern prate Frysk of Nederlânsk, somtiden in streektaal of in bûtenlânske taal. In meartalige sitewaasje is foar bern hiel aardich en learsum.

Wolst mear witte oer meartalichheid? Dan is dizze kursus wat foar dy!

< Voor een Nederlandse vertaling van dit bericht, klik op de Nederlandse vlag hierboven >

Kursus Meartalich Opgroeien foar gastâlden
It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) biedt fan ‘t hjerst in kursus ‘meartalich opgroeien’ oan.Yn dy kursus:
* jouwe wy ynformaasje oer de meartalige ûntwikkeling
* krijst tips oer hoe’st mei Fryske ferskes, ferhaaltsjes en it foarlêzen fanprinteboekjes de meartalige ûntwikkeling fan jonge bern stimulearje kinst

Foar wa is dizze kursus?
De kursus is foaral bedoeld foar gastâlden dy’t:
* Frysk ferstean en Frysk sjonge en foarlêze wolle
* benijd binne nei Fryske ferskes, opsisferskes en boekjes
* mear witte wolle oer de achtergrûn fan meartalich wurkjen
* bern fan 0 oant 4 jier opfange

N.B. As der plak is binne gastâlden fan âldere bern ek wolkom!

Hoe sjocht de kursus der út?
De kursus bestiet út twa jûnen. Gastâlden dy’t beide jûnen bywenje krije in sertifikaat. De kursus wurdt yn it Frysk jûn, Nederlânsktalige gastâlden binne ek wolkom. Op de earste jûn sille wy benammen op de teory yngean en op de twadde jûn leit de klam op de praktyk. De kursusjûnen kinne ek los folge wurde. Bygelyks de teory yn ‘e hjerst fan 2014, en de praktyk yn de maityd fan 2015.

Wêr en wannear?
Wy stribje der nei datst de kursus yn dyn eigen regio folgje kinst. By genôch oanmeldings sil de kursus yn de folgjende plakken organisearre wurde:
* Balk of Snits 9 en 16 septimber
* Bûtenpost of Dokkum 11 en 18 septimber
* Drachten of It Hearrenfean 23 en 30 septimber
* Frjentsjer of Ljouwert 25 septimber en 2 oktober

Kosten
Foar dielname oan beide jûnen freegje wy € 10,- de persoan, dy’st de earste jûn betellest. Op beide jûnen krijst in Frysktalich printeboekje mei.

Opjefte
Mei it formulier hjirûnder kinst dy opjaan foar de kursus “Meartalich Opgroeien” foar gastâlden fan it SFBO.
Stjoer it formulier nei s.deroos@sfbo.nl of printsje it út en stjoer it nei:

Sintrum Frysktalige Berne-opfang
T.a.f. Sietske de Roos
Postbus 298
8901 BB Ljouwert

Slutingsdatum opjefte: 13 juny.
Foar 18 july krijt elk berjocht oer lokaasjes en datums.

Wifelest oft de kursus wol geskikt foar dy is? Mail dan nei s.deroos@sfbo.nl of belje
058-234 85 71.

-------------------------------------------------------------------------------------------

Ja! Ik jou my op foar de kursus “Meartalich Opgroeien” foar gastâlden.

Namme:................................................................................................................

Adres:...................................................................................................................

Postkoade en Wenplak:..........................................................................................

Tillefoannûmer:.....................................................................................................

Email:...................................................................................................................


Oansletten by gastâldenburo:

............................................................................................................................

Oantal gastbern (+ leeftyd en taal):
............................................................................................................................
............................................................................................................................

Ik folgje de kursus graach yn:

Balk of Snits 9 en 16 septimber

Bûtenpost of Dokkum 11 en 18 septimber

Drachten of It Hearrenfean 23 en 30 septimber

Frjentsjer of Ljouwert 25 septimber en 2 oktober