Meiwurkers    Bestjoer    Fisitaasjekommisje    Fakatueres  
 

 

 

Klik hjir foar it Finansjeel akkountants rapport jierferslach 2015

 

Oer SFBO

Meartalichheid befoarderet de talige, de sosjale en de yntellektuele ûntwikkeling fan bern. Dat is it útgongspunt fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO).
Wy helpe liedsters yn it pjuttewurk en de berne-opfang by it foarmjaan fan taalbelied en by it útfieren yn de praktyk. 
Persoanlik en saakkundich.
 

Oer SFBO - Wêrom?

Ut ûndersiken op universiteiten oer de hiele wrâld docht bliken dat bern der baat by hawwe om har op jonge leeftyd mear as ien taal eigen te meitsjen. Meartaligens befoarderet de talige ûntwikkeling, mar ek de sosjale en yntellektuele ûntwikkeling fan in bern.
Om dy foardielen goed te benutten is it fan belang om derfoar te soargjen dat de talen inoar net bekonkurrearje, mar oanfolje. Dat jildt benammen yn sitewaasjes dêr’t sprake is fan in mearderheids- en in minderheidstaal. De fûstregel is dan: konsekwint taalgebrûk en goed omtinken foar de minderheidstaal. 

Is it net foldwaande bern op te heinen yn de memmetaal?

Nee. Yn in meartalige omjouwing is it echt nedich om mei in bewust taalbelied te wurkjen. Oars komme de foardielen fan meartaligens net goed ta harren rjocht en wurde de bern yn it slimste gefal net meartalich, mar healtalich.


Oer SFBO - Wurwize

Wy geane by de pjutteplakken en bernedeiferbliuwen del om te helpen by it kreëarjen fan in taalrike omjouwing foar de bern. Der wurdt konsekwint mei de talen omgien: ien-persoan-ien-taal. Alden wurde dêr fansels by belutsen. We jouwe ynformaasje en hâlde âlderjûnen oer meartaligens en it belang fan taalbelied en taaloanbod. Us ûnderfining is dat goed ynformearre âlden har prima fine kinne yn it Frysk- of twatalich belied.
Fierder hawwe wy in ûnôfhinklike fisitaasjekommisje dy’t de plakken beoardielet op it útfieren fan it belied.
As dat ynoarder is, komme de organisaasjes yn oanmerking foar in sertifikaat en in subsydzje fan €2250 fan de Provinsje Fryslân.


Oer SFBO - Filmkes

Filmkes on-line te besjen:

Talen kleurje dyn libben

Troch mei talen


TALEN KLEURJE DYN LIBBEN

Sytske de Boer fan it Sintrum hat meiwurke oan twa filmkes oer meartalich opfieden.

Op de earste film fertelle âlders hoe't sy oer meartalich opfieden tinke en hoe't se thús sels mei talen omgeane. Yn it twadde filmke komt Sytske de Boer as deskundige oan it wurd; sy fertelt hoe't it echt sit mei meartaligens.

Op de folgjende link binne de filmkes te besjen http://heitenmem.nl/content.php?contentid=110

TROCH MEI TALEN

Fan konsultaasjeburo oant en mei groep 8. Praktykfoarbylden fan in meartalige trochgeane ûntjouwing fan bern.

                                                                      

Yn Feanwâlden, gemeente Dantumadiel, wurkje alle foarskoalske en skoalske ynstânsjeS mei-inoar gear om te kommen ta in optimale taalûntwikkeling. Fan it earste libbensjier ôf oant en mei groep 8 is der struktuerele, trochgeande oandacht foar de meartalige ûntwikkeling fan it bern. Konsultaasjeburo, bernedei-opfang, pjutteboartersplak en basisskoallen hawwe geregeld oerlis en wurkje fanút ien fyzje oan de talen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. De film Troch mei talen jout in dúdlik byld fan dy oanpak.

De film is mooglik makke mei stipe fan de provinsje Fryslân, de gemeente Dantumadiel, Sintrum Frysktalige Berne-opfang, Bibliotheken Noordoost Friesland en Cedin, educatieve dienstverlening. 

Op de folgjende link binne de filmkes te besjen : KLIK HJIR

 
ORGANISAASJE

Namme *
Adres *
Postkoade *
Wenplak *
Tillefoan
Fax
E-mail *
Reaksje
Fjilden mei in * binne ferplicht.


Adresgegevens
Rûtebeskriuwing
Parkearadvys


Adresgegevens:

Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO)
Westerparkstate
Westersingel 4
8913 CK LJOUWERT

Postadres:
Postbus 298
8901 BB LJOUWERT

Tel.(058) 234 85 25

ynfo@sfbo.nl 


RUTEBESKRIUWING
Der binne ferskate mooglikheden.

Mei it iepenbier ferfier

Fan it NS-stasjon ôf:
Nim busferbining 54-60-66-70-71-72-73-91 of 97 oant de twadde halte: Harnzersingel (Harlingersingel). Rin in eintsje tebek de kant fan de Frouwepoartsbrêge (gean foar de brêge rjochtsôf nei de Westersingel).

Of rin út it stasjon wei rjochtút de kant fan de rotonde út. Gean rjochttrjoch oer de (brede) stiennen brêge, troch de Prins Hendrikstrjitte. Oan de rjochterkant komst it plein (Saailân / Zaailand) foarby. Slaan linksôf (Ruterskwartier / Ruiterskwartier) en passearje teater “De Harmonie” oan de linkerkant. Ferfolgje de trochgeande wei
(Westerplantaazje), hâld links oan en gean oer de Frouwepoartsbrêge / Vrouwenpoortsbrug. Slaan direkt nei de brêge linksôf nei de Westersingel.

Eigen ferfier

Fan de kant fan Amsterdam / Harns (A 31):
Ryd by de ferkearsljochten rjochttroch de kant fan sintrum út. Gean op de grutte rotonde (Europaplein) rjochttrjoch de kant fan it sintrum út (Harnzerstrjitwei / Harlingerstraatweg). Slaan oan de ein fan de wei op de rotonde (dêr’t “Us
Mem” stiet) rjochtsôf. Nim de earste wei rjochts (Pier Panderstrjitte) en dêrnei de earste ôfslach links (Westersingel).

Fan de kant fan Snits / It Hearrenfean (A 32):
Slaan by de ferkearsljochten nei de brêge op de T-splitsing linksôf (Julianaleane). Folgje de rûnwei (Julianaleane) oer it Stephenson-fiadukt. Gean rjochttroch ( WTC Expo oan de linkerhân) fia de Heliconwei nei de grutte rotonde “Europaplein”.
Gean op de grutte rotonde (Europaplein) de kant fan it sintrum út = 1e ôfslach (Harnzerstrjitwei / Harlingerstraatweg). Slaan oan de ein fan de wei op de rotonde (dêr’t “Us Mem” stiet) rjochtsôf. Nim de earste wei rjochts (Pier Panderstrjitte) en dêrnei de earste ôfslach links (Westersingel).

Fan de kant fan Grins / Drachten (N 31):
Slaan nei de Drachtsterbrêge by de ferkearsljochten fan it “Drachtsterplein” linksôf (Aldlânsdyk).
Folgje de rûnwei de Aldlânsdyk oer it Oostergoplein nei de Julianaleane. Folgje de rûnwei (Julianaleane) oer it Stephenson-fiadukt. Fierders fan it Stephenson-fiadukt: sjoch Snits / It Hearrenfean.

Fan de kant fan Grins / Hurdegaryp (N355):
Gean by de ferkearsljochten rjochttroch de kant fan Harns út (Prof. Mr. P.S. Gerbrandywei). Slaan nei de brêge (Dammeleane) by de earste ferkearsljochten linksôf (Rengersleane). Folgje de Rengersleane (NHL “De Bouhof” en “CHN-Stenden” oan linkerhân) oant de ein fan de wei. Slaan op de T-splitsing rjochtsôf
(Spanjaardsleane). Nim fuortendaliks de earste wei links (Singelstrj.) en ryd dêrnei rjochttrjoch (Noardersingel). Slaan oan de ein fan de Noardersingel linksôf (Spanjaardsleane) en gean op de rotonde (dêr’t “Us mem” stiet) rjochttroch. Nim nei de rotonde de earste wei rjochts (Pier Panderstrj.) en fierders de earste ôfslach links: Westersingel.

Parkearen

Foar Westerparkstate binne in tal plakken betelle parkearen. Yn ‘e buert jildt fierders in blauwe parkearsône. Mei in parkearskiif kinne jo dêr twa (2) oeren frij parkeare. Parkearskiven binne by it Sintrum te lien. Foar langere parkearen ferwize wy jon ei de parkeargaraazje ‘Oldehove’. Folgje P- Oldehove. Fan dy parkeargaraazje ôf is it sa’n 5 minuten rinnen nei Westersingel 4.