Filmkes on-line te besjen:
Talen kleurje dyn libben
Troch mei talen
TALEN KLEURJE DYN LIBBEN
Sytske de Boer fan it Sintrum hat meiwurke oan twa filmkes oer meartalich opfieden.
Op de earste film fertelle âlders hoe't sy oer meartalich opfieden tinke en hoe't se thús sels mei talen omgeane. Yn it twadde filmke komt Sytske de Boer as deskundige oan it wurd; sy fertelt hoe't it echt sit mei meartaligens.
Op de folgjende link binne de filmkes te besjen http://www.heitenmem.nl/content.php?contentid=110

TROCH MEI TALEN
Fan konsultaasjeburo oant en mei groep 8. Praktykfoarbylden fan in meartalige trochgeane ûntjouwing fan bern.
Troch mei talen
Yn Feanwâlden, gemeente Dantumadiel, wurkje alle foarskoalske en skoalske ynstânsjeS mei-inoar gear om te kommen ta in optimale taalûntwikkeling. Fan it earste libbensjier ôf oant en mei groep 8 is der struktuerele, trochgeande oandacht foar de meartalige ûntwikkeling fan it bern. Konsultaasjeburo, bernedei-opfang, pjutteboartersplak en basisskoallen hawwe geregeld oerlis en wurkje fanút ien fyzje oan de talen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. De film Troch mei talen jout in dúdlik byld fan dy oanpak.
De film is mooglik makke mei stipe fan de provinsje Fryslân, de gemeente Dantumadiel, Sintrum Frysktalige Berne-opfang, Bibliotheken Noordoost Friesland en Cedin, educatieve dienstverlening.
Op de folgjende link binne de filmkes te besjen : KLIK HJIR