Ut ûndersiken op universiteiten oer de hiele wrâld docht bliken dat bern der baat by hawwe om har op jonge leeftyd mear as ien taal eigen te meitsjen. Meartaligens befoarderet de talige ûntwikkeling, mar ek de sosjale en yntellektuele ûntwikkeling fan in bern.
Om dy foardielen goed te benutten is it fan belang om derfoar te soargjen dat de talen inoar net bekonkurrearje, mar oanfolje. Dat jildt benammen yn sitewaasjes dêr’t sprake is fan in mearderheids- en in minderheidstaal. De fûstregel is dan: konsekwint taalgebrûk en goed omtinken foar de minderheidstaal.
Is it net foldwaande bern op te heinen yn de memmetaal?
Nee. Yn in meartalige omjouwing is it echt nedich om mei in bewust taalbelied te wurkjen. Oars komme de foardielen fan meartaligens net goed ta syn rjocht en wurde de bern yn it slimste gefal net meartalich, mar healtalich.