Westersingel 4, 8913 CK Ljouwert

Frysk yn 'e ûnderbou

Frysk yn 'e underbou
Yn stêden lykas Ljouwert, Snits, Drachten en It Hearrenfean wol in groeiend tal basisskoallen mear dwaan oan it Frysk yn de ûnderbou. Om’t de learkrêften it Frysk soms noch net goed behearskje, of har ûnwis fiele yn dy taal, helpe Cedin en it SFBO dy skoallen om dat foarm te jaan troch de ynset fan memmetaalsprekkers. 

Memmetaalsprekkers
Memmetaalsprekkers binne frijwilligers dy’t ien kear wyks of om ‘e fjirtjin dagen in deidiel op in skoalle yn ‘e beukergroepen helpe om dêr it Frysk oan te bieden. Se organisearje spultsjes en aktiviteiten en brûke it Frysk dêrby as fiertaal. De útstrieling dy’t memmetaalsprekkers hawwe op jonge bern en de learkrêften hat in posityf effekt op de taal- en wurdskatûntjouwing fan jonge bern. 

Cedin en it SFBO begeliede de memmetaalsprekkers en soargje foar materiaal. De memmetaalsprekkers krije in frijwilligersfergoeding.


Memmetaalsprekker wurde?
Fine jo it aardich om mei bern te wurkjen en wolle jo in ympuls jaan oan it Frysk yn it ûnderwiis? Nim dan kontakt op mei Marike Elsinga fan SFBO: m.elsinga@hetnet.nl

Frysk yn 'e ûnderbou