GOEIEMOARN

Oprop frijwillige lesjouwers Frysk yn ‘e ûnderbou

Yn plakken lykas Ljouwert, Snits, Boalsert, Drachten en ’t Hearrenfean, wol in groeiend tal basisskoallen mear dwaan oan it Frysk yn de ûnderbou. Cedin en it SFBO helpe dy skoallen om dat foarm te jaan.

Om’t de learkrêften it Frysk soms noch net goed behearskje, of har ûnwis fiele yn dy taal, sykje Cedin en SFBO frijwilligers dy’t ien kear wyks of om ‘e fjirtjin dagen in deidiel op in skoalle helpe wolle om dêr it Frysk oan te bieden. Dêr is in frijwilligersfergoeding foar beskikber.

Cedin / SFBO soargje foar begelieding en materiaal.

Foar nei de simmerfakânsje sykje wy nije frijwilligers foar skoallen yn Snits, ’t Hearrenfean, en Boalsert.

Fine jo it aardich om mei bern te wurkjen en wolle jo in ympuls jaan oan it Frysk yn it ûnderwiis? Stjoer dan in mailtsje nei it SFBO: m.elsinga@sfbo.nl

 



AKTUEEL
 

AGINDA
Der binne gjin aginda items.



OERSETHELP