Oer SFBO
SFBO wol alle bern yn Fryslân de kâns biede har twatalich te ûntwikkeljen. SFBO helpt by it foarmjaan oan meartaligens yn opfang- en ûnderwiissituaasjes mei jonge bern. Meartaligens befoarderet de talige, de sosjale en de yntellektuele ûntwikkeling fan bern. Ut ûndersiken op universiteiten oer de hiele wrâld docht bliken dat bern der baat by hawwe om har op jonge leeftyd mear as ien taal eigen te meitsjen. Wy helpe pedagogysk meiwurkers en learkrêften fan de ûnderbou by it foarmjaan fan taalbelied en by it útfieren yn de praktyk. Persoanlik en saakkundich.
De Taalgroeimeter lit sjen hoe’t in twatalige ûntwikkeling derút sjocht. En jout âlden en pakes en beppes tips en hânfetten foar ferskillende taalsituaasjes yn ‘e hûs: allinne Frysk, Frysk en Nederlânsk mar ek oarstalich.
Lês mearYn it Taalplan Frysk wurkje ferskate organisaasjes gear om alle bern yn Fryslân de kâns te bieden om de Fryske taal te learen.
Lês mearSjoch per gemeente hokker twatalige berne- en pjutte-opfang plakken der yn de ferskillende doarpen binne.
Lês mear