Boartsjendewei in taal derby

Heit & mem-panel

Wannear kin in bern fertale fan de iene nei de oare taal? Wêrom brûkt in Frysktalich bern wol it Nederlânsk yn it rollespul, mar oarsom net? Hoelang brûkt in twatalich bern de ferskillende talen trochinoar? Wêrom wolle guon bern út Frysktalige húshâldings gjin Frysk prate? En wat binne dan effektive tips?

Hoe ferrint taalûntwikkeling fan bern yn Fryslân?
Omdat wy benijd binne nei de antwurden hawwe it SFBO, yn ‘e mande mei de Afûk, fan 2015 oantemei 2018 in tal ûndersiken útfierd yn it ramt fan it Heit&Mem-panel, Dieknimmers oan it panel krigen in pear kear jiers in fragelist oer de taalûntwikkeling fan jim bern. Of bygelyks it fersyk (edukatyf) materiaal út te probearjen. Oer dizze ûndersiken binne in tal (koarte) rapporten skreaun en de ynsjoch dy’t de ûndersiken bean hawwe binne brûkt by de ûntwikkeling fan ferskate produkten.

De ûndersiken binne hjirûnder del te heljen.

Heit & mem-panel