Kursussen & Trainingen
Kursus 'Skriuw mar Frysk!'
Dit is in begjinnerskursus foar pedagogysk meiwurkers.
Yn 3 lessen wurde de basisregels behannele mei opdrachten dy’t by de praktyk oanslute.
Dizze kursus is foar dyjinge dy’t Frysk prate en (in bytsje) lêze kin, mar ek graach Frysk skriuwen leart.
Dizze kursus kin yn oerlis ek op lokaasje oanbean wurde.
Training 'Taalrike Petearkes'
As pm'er bist de hiele dei yn yteraksje mei de bern. Unmisber, want sa leare jonge bern taal; yn gesprek (petear) mei dy. Mar, net elk petearke is geskikt om de taalûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen.
Bern leare nammentlik foaral taal as se sels ek prate meie. Mar hoe krigest bern mear sels oan it praten?
Yn dizze training krigest praktyske hânfetten om bern mear sels prate te litten en petearkes út te lokjen.
Dizze training duorret sa’n 2,5 oere en wurdt yn’t skoaljier 2025/2026 twa kear oanbean.
Derneist kin dizze training yn oerlis op lokaasje oanbean wurde.
Frysk mei romte en materialen
Materiaal en hoeken roppe altyd wat op en biede yn elke faze fan de ûntwikkeling oare kânsen foar de taal.
Yn dizze wurkwinkel gean wy yn op hoe’t pedagogysk meiwurkers dy kânsen foar it Frysk benutte en ferrykje kinne, mar ék hoe’t dêrmei it Frysk sichtber makke wurdt.
Dizze wurkwinkel duorret sawat in oere en kin yn oerlis op lokaasje oanbean wurde.