WWW.TAALGROEIMETER.NL

 

FRYSKTALIGE THÚSSITEWAASJE

De twatalige ûntwikkeling by bern dêr’t (lykas by Tomke) yn ’e hûs fral Frysk praat wurdt.

 

Taal thķs en op Ďe berne-opfang

By Tomke wurdt thús allinne Frysk praat. Dat is prima. Troch it oanbod fan it Nederlânsk yn ‘e omjouwing en op skoalle wurde bern lykas Tomke al gau floeiend twatalich. Sadwaande leare se letter bgl. makliker frjemde talen.

Sykje jim in bernedeiferbliuw, pjutteboartersplak of basisskoalle? Kies dan ien dy’t wurket mei in bewust Frysk- of twatalich belied. Se binne rûnom yn de provinsje te finen.

Sjoch hjirûnder foar in oersjoch:

 twatalige bernedeiferbliuwen 
 twatalige pjutteboartersplakken
 trijetalige basisskoallen yn Fryslân

 

 

De earste wurdsjes

Sa om ende by de earste jierdei sizze de measte bern harren earste wurdsjes. Earder wiene dat benammen Fryske wurden. Mar troch ynfloed fan tillefyzje of opfang kinne der ek Nederlânske tusken sitte. In tip foar âlders: Bliuw sels gewoan konsekwint Frysk oanbieden. As dyn berntsje in wurd yn it Nederlânsk seit, kinne jo dat werhelje yn it Frysk. Nog better, meitsje der in hiele sin fan!

Berntsje: Papa!
Mem: Ja, dêr is heit.

Itselde prinsipe jildt trouwens foar ferkeard útsprutsen wurden of typyske babytaal.

Berntsje: Soel.
Mem: Wolst op ‘e stoel sitte?

Berntsje: Waf.
Heit: Ja, dat is in hûn. De hûn fan buorman Kees.

 

De passive Żntwikkeling (it ferstean) fan it Nederl‚nsk

Tomke koe as lyts pjut yn in omsjoch Nederlânsk ferstean. Wylst thús allinne Frysk praat wurdt. Bern as Tomke krije fia de omjouwing sûnder dat je der erch yn ha dochs aardich wat Nederlânsk mei. Boppedat binne jonge bern hiel taalgefoelich. Se kommunisearje foar in grut part noch non-ferbaal en meitsje de betsjutting fan wurden op út de kontekst dêr’t se yn brûkt wurde.

Dit artikel giet oer de passive behearsking fan it Nederlânsk by Frysktalige pjutten.

 

 

Aktive Żntwikkeling (it praten) fan it Nederl‚nsk

No’t Tomke 3,5 jier âld is praat er ynienen Nederlânsk tsjin syn poppen en autokes. Dat sjochst eins by álle Frysktalige bern, ek by dejingen dy’t yn har omjouwing net in soad Nederlânsk hearre. It toant oan dat de twatalige ûntwikkeling no flink op gong komt; It bern ken al in soad Nederlânske wurden en oefenet dêr mei. Sjoch bgl. nei dit filmke.

De folgjende stap is it brûken fan it Nederlânsk tsjin Nederlânsktalige freontsjes of folwoeksenen.

 

Tuskentaal

Tomke brûkt it Frysk en it Nederlânsk faak noch troch inoar yn ien sin. Of sels yn ien wurd. It heart soms nuver mar it is folslein normaal foar twatalige bern sa tusken de 3 en 5 of 6 jier. Se binne drok dwaande it ferskil tusken de beide talen te ûntdekken. Watfoar klanken, wurden en grammatikale regels hearre by de iene taal, en hokke by de oare?

Sjoch hjir nei wat foarbylden fan tuskentaal.
Filmke 1
Filmke 2

Yn groep 3 (soms al wat earder) sille bern lykas Tomke de talen behoarlik goed skiede kinne. Hoe giest oant dy tiid om mei de tuskentaalfaze?
By pjutten en jonge beukers kinst ferhaspele utingen it bêste werhelje yn korrekte taal (yn dyn gefal korrekt Frysk). Doch dat sa natuerlik mooglik, in foarbyld:

Pjut: "Ik haw in paard sjoen"
Mem: "Hast in hynder sjoen? Wat moai. Wêr wie dat hynder?"

Pas fan groep 1 of 2 fan de basisskoalle ôf begjinne bern har bewust te wurden fan it ferskil tusken de talen. Dan kinst har dêr ek wat neidrukliker op wize, bgl. troch te sizzen:

"In paard is Nederlânsk, yn it Frysk sizze we “hynder”. 

Soms hat it wikseljen fan taal trouwens in reden. As Tomke mei oare (Frysktalige) bern boartet, brûkt er as boarterstaal it Nederlânsk (“Kindje, wil jij brood?”). Dêr tuskentroch stapt er faak wer oer op it Frysk (“Dat fyn ik net leuk hear”). Dit hyt code-switching. Hjir is in foarbyld.
Sjoch hjir hoe’t twa Frysktalige beukers de iene kear Frysk en de oare kear Nederlânsk meiïnoar prate.

 

Taaldomin‚nsje

Tomke is in echt Frysk mantsje.
Mar guon fan-hûs-út Frysktalige pjutten en beukers ûntwikkelje in foarkar foar it Nederlânsk. Soms prate se noch amper Frysk.
Dat kin tydlik wêze mar soms ek bliuwend. Dizze tendins komt benammen foar yn de gruttere wenplakken (Ljouwert, It Hearrenfean), mar soms ek wol yn hiele Fryske doarpen.
Faak sjogge je dat, as de pjut sels hieltyd mear Nederlânsk praat, de minsken yn ‘e omjouwing him/har ek yn it Nederlânsk oansprekke. Sa wurdt it oanbod Frysk hieltyd lytser.

 
Wolst graach dat jim bern ék Frysk praten leart? In pear tips:

► Bliuw sels Frysk praten, ek as de pjut yn it Nederlânsk andert.

Freegje oaren itselde te dwaan (skoalle, pake en beppe, de buorlju).

Lês in soad foar yn it Frysk. Op de Tomke-side fynst de wrâld oan materiaal en tips.

Kies in pjutteboartersplak, bernedeiferbliuw en basisskoalle mei in bewust Frysk- of twatalich belied.

As it bern wat âlder is (in jier as fjouwer), kinst freegje oft er dat ek yn it Frysk sizze kin. By jongere bern hat dat faak gjin doel om’t dy har noch net bewust binne fan it ferskil tusken de talen.

Miskien wolle pake en beppe boppesteande rol wol op har nimme (“Beppe wurdt al âld, dy is it Nederlânsk in bytsje fergetten”).

Jou komplimintjes as jim bern Frysk praat, oft dat no in pear wurden of in hiele sin is.

Lit it bern sjen dat Frysk net allinne de taal fan thús is troch nei Fryske toanielfoarstellings te gean, nei Omrop Fryslân te sjen ensfh.

Praat – as it heal mooglik is – ek Frysk tsjin de freontsjes fan jim bern; sa litst sjen dat it Frysk like goed en like gewoan is as it Nederlânsk.

Meitsje der boppenal gjin striid fan, mar hâld it licht en boartlik.

 

Folslein twatalich

Yn groep 1 en 2 sil Tomke syn (aktive) wurdskat yn it Frysk noch krekt wat grutter wêze as dy yn it Nederlânsk. Dat kin in fertekene byld jaan by toetsen.
It slagget Tomke ek noch net rjocht om “op kommando” Nederlânsk te praten en om Fryske wurden yn it Nederlânsk te fertalen (en oarsom). Dat komt om’t it foar beukers noch dreech is om twa talen tagelyk te brûken.
Bern as Tomke meitsje har dizze feardichheden gau eigen. Frysktalige bern skoare yn alle gefallen yn groep 3 likegoed op taaltoetsen as har Nederlânske klasgenoatsjes. Sjoch hjir foar ûndersyk dat dêr nei dien is. Foar de dúdlikens: It giet dan om gemiddelden, it iene bern is fansels ál taalgefoeliger as it oare. Mar dat jildt likegoed foar Frysktalige as foar Nederlânsktalige bern.

Yn groep 3 makket Tomke noch wolris lytse (grammatikale) foutsjes yn it Nederlânsk, mar mei help fan juf of meester ferdwine dy ek stadichoan.

 

Soms rint it oars

By Tomke is sprake fan in normale taalûntwikkeling. Der binne ek bern dy’t om ien of oare reden mear muoite hawwe mei taal. It konsultaasjeburo, de húsdokter of de logopedist kin yn dat gefal in goed advys jaan. Sille jim nei in logopedist? Kies dan ien dy’t yn it Frysk mei jim bern oefenje kin en goed ynfierd is yn meartaligens.

Hjirûnder fynst in tal nijsgjirrige artikels oer spraak/taalproblematyk en meartaligens út de Vraagbaken Meertaligheid fan Oudersonline.

Twataligens en dysleksy

Spraak/taalachterstân en meartaligens

Arabyske konstruksjes yn Nederlânske sinnen

Stammerjen en meartaligens

Twataligens en down-syndroom