Oer it SFBO
Meartaligens befoarderet de talige, de sosjale en de yntellektuele ûntwikkeling fan bern. Ut ûndersiken op universiteiten oer de hiele wrâld docht bliken dat bern der baat by hawwe om har op jonge leeftyd mear as ien taal eigen te meitsjen. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) wurket oan ‘e hân fan dit útgongspunt. Wy helpe liedsters yn it pjuttewurk en de berne-opfang by it foarmjaan fan taalbelied en by it útfieren yn de praktyk. Persoanlik en saakkundich.
Wannear kin in bern fertale fan de iene nei de oare taal? Wêrom brûkt in Frysktalich bern wol it Nederlânsk yn it rollespul, mar oarsom net? Hoelang brûkt in twatalich bern de ferskillende talen trochinoar?
Omdat wy benijd binne nei de antwurden hawwe de Afûk en it SFBO it heit&mem-panel opsetten.
De Taalgroeimeter lit sjen hoe’t in twatalige ûntwikkeling derút sjocht. En jout âlden en pakes en beppes tips en hânfetten om foar ferskillende taalsituaasjes yn ‘e hûs: alinne Frysk, Frysk en Nederlânsk mar ek oarstalich.
Lês mear